Gjin tillefoangids mear op papier

Der komt gjin telefoangids op papier mear. Neffens útjouwer DTG is de papieren telefoangids net mear nedich, om’t hast eltsenien adressen en telefoannûmers online opsiket. Hast eltsenien, want de âlderein bûten de Rânestêd brûkt it boekwurk noch wol.
Sterke man Wout Zijlstra fan Folsgeare baalt der fan. “It is in ramp foar my.” Hy skuort by syn demonstraasjes noch wykliks telefoanboeken trochmidden. “Ik bin net oars wend as dat ik telefoanboeken ha om troch te skuorren.” As dy boeken net mear makke wurde, hat er aanst te min.
Wa syn tillefoanboek kwyt wol, kin Wout der bliid mei meitsje!