Notice: Function _load_textdomain_just_in_time was called incorrectly. Translation loading for the photo-gallery domain was triggered too early. This is usually an indicator for some code in the plugin or theme running too early. Translations should be loaded at the init action or later. Please see Debugging in WordPress for more information. (This message was added in version 6.7.0.) in /var/www/wordpress/wp-includes/functions.php on line 6114
Unyk lânskip by Folsgeare – Folsgeare

Unyk lânskip by Folsgeare

FOLSGEARE- De jierlikse kulturele kuiertocht fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting gie sneon 22 oktober lâns ‘stille tsjûgen’ yn it lânskip rûnom Folsgeare.

Sa’n 60 dielnimmers rûnen oer it Melledykje dat earder tsjerkepaad wie mei noch de âlde Middelseedyk en nei de muontsen by de Laurentiustsjerke. Nei in lêzing yn it doarpshûs oer ‘Landschapspark Folsgeare’ dat in buffer tusken doarp en stêd foarmje kin, gie de kuier nei trije unike plakken, dy’t stik foar stik stille tsjûgen binne fan wêr foarhinne buorke is.

Yn it iepen lânskip tusken Folsgeare en Snits lizze de eardere Abma’s pleats, Carpe Diem mei de lêste blikken skuorre fan Fryslân út de jierren ’80 en de terp Strûpenkeal. Hjir is ek dúdlik te sjen dat de stêd, ferkear en yndustry wol hiel tichteby komt.

Underweis is it gedicht ‘Ferdwûn’ fan Willem Abma foardroegen en ‘De Terp’ (tekst Eeltsje Halbertsma, muzyk W.A. Mozart) songen troch Marco Rypma.

Tekst GrootSneek / Gerben Rypma Stifting, foto’s Wytske Heida